Podcast searje fjouwer: 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' makke Miranda Werkman in oanfoljende podcast. Want hoe realistysk is it dat aanst alles ûnder wetter komt? Yn dizze podcast praat Miranda Werkman mei programmamanager klimaatadaptaasje Karel Veeneman en dykgraaf Luzette Kroon oer de takomst, waarekstremen en it klimaat. Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ. Podcast searje twa: 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken? Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst. Podcast searje ien: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?
All content for Fan binnenút Podcast is the property of Omrop Fryslân and is served directly from their servers
with no modification, redirects, or rehosting. The podcast is not affiliated with or endorsed by Podjoint in any way.
Podcast searje fjouwer: 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' De natuer spilet in grutte rol yn de foarstelling Under Wetter fan Tryater. Nei oanlieding fan it programma 'Fan binnenút, meisjen by Tryater' makke Miranda Werkman in oanfoljende podcast. Want hoe realistysk is it dat aanst alles ûnder wetter komt? Yn dizze podcast praat Miranda Werkman mei programmamanager klimaatadaptaasje Karel Veeneman en dykgraaf Luzette Kroon oer de takomst, waarekstremen en it klimaat. Podcast searje trije: 'Fan binnenút', ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ. Podcast searje twa: 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken? Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst. Podcast searje ien: 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?
De natûr spilet in grutte rol yn Under Wetter dat giet oer de takomst fan de iisbanen no't we hieltyd minder faak iis ha. De teatermakkers ha praat mei saakkundigen. Hoe reëel is it skript?
"Minsken skamje har faak foar suïsidale gedachten" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater oan it wurd. Diel 3, psychiater Agnes de Groot. Prate. Dat helpt. Freegje. Dat helpt. Freegje oft ien gedachten oan de dea hat. Dat is lestich, want faak skamje minsken har derfoar. En se moat sels ek wol in drompel oer as it giet om minsken yn har eigen omjouwing. Dochs stelt se privee ek faker dizze fragen, omdat se út har wurk wei wit watfoar ferskil oft it meitsje kin. Se wurket in soad mei minsken dy't suïsidaal binne en nee, se leit net wekker fan it wurk. Ek al hat se as professional wol in emosjonele bân mei har pasjinten. En leit se wol wekker as ien himsels tekoart dien hat. Se soe graach wolle dat it gedrach te foarsizzen wurdt, mar dêr is noch folle mear ûndersyk foar nedich.
"Ik fielde my sa waardeloos" Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringsaakkundige en psychiater oan it wurd. Diel 2, erfaringssaakkundige Jan Kuipers. Hy rekke syn baan kwyt en sakke almar fierder fuort. Foar syn opname wie er al ferskate kearen nei it spoar riden, hie er nei in flat west en oan it wetter stien. Hy waard opnommen. Doe is him ien fraach steld dy't him holpen hat. Jan is bliid dat er hjir noch is, want hy fynt dat it libben doel hat. Ek al is it net altyd like maklik. En fynt er it wier wol dreech om wer op te stean. Mar de gedachte dat hy as erfaringssaakkundige no foar oare minsken fan wearde wêze kin, helpt him.
"Dit hiene we noait, noait tocht" Yn in spesjal fan trije komme oan it wurd de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Yn diel 1 de neibesteande. Njoggen jier ferlyn kaam it telefoantsje. Nei tolven. Sytske Jorritsma kriig doe te hearren dat har suske, Grytsje, harsels tekoart dien hie. Sytske rekket fuort yn shock. Foar elkenien komt it nijs ut de loft fallen. De syktocht nei antwurden begjint. Mar antwurden komme der net. It stik fertriet en gemis bliuwt.
Yn de podcastspesjal 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' giet it oer selsdeading. Programmamakker Miranda Werkman praat mei de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Wat bart der yn de holle fan ien dy't it libben net mear sitten sjocht? Hoe kinst fierder as neibesteande en wêrom helpt it om deroer te praten? De podcast heart by de tv-searje wêrby't Miranda Werkman fierder sjocht achter de doarren fan de GGZ.
Wat bart der yn it liif en mei it brein fan bern dy't mishannele binne? Jenny de Leeuw is betrouwensdokter by Veilig Thuis. Sy fertelt oer de lichaamlike en mentale gefolgen dêr't bern mei te krijen hawwe. Ek lit sy sjen hoe't je dêr wer posityf ynfloed op hawwe kinne. Femke Boersma is GZ-psycholooch en ortopedagooch. Sy fertelt oer it gedrach fan traumatisearre bern en hoe't je skea wer opknappe litte kinne. Beiden fine dat je net betiid genôch begjinne kinne mei it it foarkommen fan trauma. It leafst foar it yn ferwachting wêzen. Wat gebeurt er in het lichaam en met het brein van kinderen die mishandeld zijn? Jenny de Leeuw is vertrouwensarts bij Veilig Thuis. Zij vertelt over de lichamelijke en mentale gevolgen waar kinderen mee te maken hebben. Ook laat ze zien hoe je daar weer positief invloed op kunt hebben. Femke Boersma is GZ-psycholoog en orthopedagoog. Zij vertelt over het gedrag van kinderen en over hoe je schade kunt herstellen. Beiden vinden dat je niet vroeg genoeg kunnen beginnen met het het voorkomen van trauma. Het liefst voor de zwangerschap.
Veilig Thuis is it advys- en meldpunt foar húslik geweld en bernemishanneling. Maryse en Anita, beiden meiwurkers fan Veilig Thuis, geane nei't sy in melding krigen hawwe nei de húshâldens ta. In wichtich ûnderdiel is dan prate mei de bern sels. Mar hoe dogge je dat? En wat dogge je as in bern earne net oer prate wol, of it sels noch net ûnder wurden bringe kin? Veilig Thuis is het advies- en meldpunt voor huiselijk geweld en kindermishandeling. Maryse en Anita, beide medewerkers van Veilig Thuis, gaan nadat zij een melding gekregen hebben naar de gezinnen toe. Een belangrijk onderdeel is dan praten met de kinderen zelf. Maar hoe doe je dat? En wat doe je als een kind ergens niet over wil praten, of het zelf nog niet onder woorden kan brengen?
Fjochtskiedingen, oftewol komplekse skiedingen, komme hieltyd faker foar. Yn de earste ôflevering fan de podcast-rige nimt gedrachswittenskipper Lutske de Vries ús mei yn de holle fan âlden dy't it belang fan harren eigen bern net mear lykje te sjen. Mirjam Hogeboom is fâd by húshâldens. Sy makket mei dat bern de klean fan de iene âlder útdwaan moatte, foardat se by de oar nei binnen meie. Wat binne de gefolgen fan soksoarte gedrach? Vechtscheidingen, oftewel complexe scheidingen, komen steeds vaker voor. In de eerste aflevering van de podcastreeks neemt gedragswetenschapper Lutske de Vries ons mee in het hoofd van ouders die het belang van de eigen kinderen niet meer lijken te zien. Mirjam Hogeboom is gezinsvoogd. Zij maakt mee dat kinderen de kleren van de ene ouder moeten uittrekken, voordat ze bij de ander naar binnen mogen. Wat is de impact van zulk gedrag?
Yn 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat Miranda Werkman lykas yn de tv searje mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensartsen. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praat je mei de bern sels oer heftige saken. Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe't je as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinne.
Willeke van der Plas is direkteur behannelsaken by Van Andel âlderenpsychiatry en 'Herstel en Behandeling'. Der is in soad feroare yn de soarch. Net eltse feroaring hat goed west foar de pasjint. Ynsichten feroarje en dat is mar goed ek, fynt Willeke. Je moat ek witte wat je net witte, seit se. Hoe sit it no mei de relaasje tusken harsens en de terms?
Mirjam de Groot is trajektbegelieder by it VIP-team (Vroegtijdige Interventie Psychoses). Wat is nedich om werom te kearen nei wurk, of better noch, om oan it wurk te bliuwen? Wat docht it mei dy ast út dyn deistige struktuer rekkest? En wat docht corona mei dy struktuer?
It binne kleurrike types dêr't se mei wurket en dat fynt se prachtich. Martje Yntema giet foar har wurk as spesjalistysk ferpleechkundige by de GGZ in soad de strjitte op. De maatskippij is bêst yngewikkeld, en dus begrypt se hiel goed dat minsken fêst rinne. Ek sy kin nachts wol pikerje, hoe giet se dêr mei om?
Tiny Altena is sosjaal psychiatrysk ferpleechkundige op de IHT, de intensive home treatment. De IHT is der op rjochte om safolle mooglik foar te kommen dat minsken opnommen wurde. Mar is thús behannelje dan safolle better?
Sietze Ketelaar rydt op de rapid responder. In ambulanse sûnder toeters of bellen, dy't nei meldings oer betize minsken giet. Wat komt hy tsjin? En wêrom giet er net mei pensjoen?
Yn 'Fan binnenút' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?