Home
Categories
EXPLORE
True Crime
Comedy
Business
Society & Culture
Health & Fitness
Sports
Technology
About Us
Contact Us
Copyright
© 2024 PodJoint
00:00 / 00:00
Podjoint Logo
US
Sign in

or

Don't have an account?
Sign up
Forgot password
https://is1-ssl.mzstatic.com/image/thumb/Podcasts123/v4/46/86/a8/4686a833-9b95-35f6-dc3d-7e6079819c63/mza_6498002334271838066.jpg/600x600bb.jpg
PietCast
Omrop Fryslân
31 episodes
9 months ago
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons.  De PietCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Show more...
Nature
Science
RSS
All content for PietCast is the property of Omrop Fryslân and is served directly from their servers with no modification, redirects, or rehosting. The podcast is not affiliated with or endorsed by Podjoint in any way.
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons.  De PietCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Show more...
Nature
Science
Episodes (20/31)
PietCast
Even trochprate oer de kommende winter(foarsizzing) (#31)
  Piet hat syn foarsizzing foar takom winter bekend makke. Wim nimt it troch mei ús waarman: op syn minst in wike op natueriis en fierder net sa stabyl... Fierder hat Piet syn hûs yn Harns te keap en ek dêroer giet it in momintsje yn dit lytse kertier waarpraat online. Set 'm op en stay tuned!
Show more...
3 years ago
12 minutes 13 seconds

PietCast
Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30)
Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30) Nou ja, Piet en Wim litte harren wat ôfliede troch it plak fan de âlde misthoarn fan Harns en troch it radioljochtskip Jenni Baynton yn de Willemshaven, mar it grutste part fan dizze PietCast giet dochs écht, sa't it heart, oer it waar!   Piet hat syn twivels oer of it slagje sil de CO2 útstjit te ferleegjen. Fansels hawwe we it dêroer fanwege de miljeutop dy't dizze dagen holden wurdt yn Glasgow. Dat dêr al ôfsprutsen is de ûntbossing tsjin te gean fynt Piet wichtig. Fierder hawwe Piet en Wim it koart oer de winter en oer it waar fan dizze wike. Wér in kertierke legedruk waarpraat op ynternet! Stay tuned, hjir, yn Spotify en yn oare podcast apps en oars op YouTube, want der is ek fideo by dit petear:    
Show more...
3 years ago
16 minutes 47 seconds

PietCast
Indian summer, 25 jier TV en mear (#29)
  Piet & Wim besprekke rinnend yn de Ingelske Tún yn Harns de simmer, dy't no sa'n bytsje achter ús leit. Ha gjin noed: ek at it waar alwer minder is kinst dit praatsje noch goed hawwe hear! It giet ék oer Piet's 25 jierren lanlike telefyzje, oer Piet's nije skuorkalinder (ja, écht) en fansels foarsichtich oer de kommende hjerst. In goeie tsien menúten lege druk waarpraat op ynternet, moai das't wer even mei hearst. By dizze podcast is ek in fideo op ús YouTube kanaal:
Show more...
4 years ago
10 minutes 52 seconds

PietCast
Simmer 2021! PietCast #28
Piet Paulusma mei syn foarsizzing foar dizze simmer yn de nije PietCast. It giet knap dizze dagen, dus we krije der nocht oan. Mar hoe komt it fan 't simmer? Wat is der no al oer te sizzen? Wim Brons freget it oan ús waarman. En wat is der mear te rêden? In skeurkalinder! Piet komt mei syn eigen kalinder. Nou, der hawwe we it ek even oer. Set 'm op! En foar noch mear aardichheid, besjoch de 360 graden fideo by dizze podcast op YouTube, opnaam yn de waarkeamer fan Piet.
Show more...
4 years ago
15 minutes 26 seconds

PietCast
1979 wurdt it net, toch Piet? (#27)
Nije wike iis! Mar dat wurdt wol bobbeltsje iis tink Piet? Mei al dy snie en wyn earst.. Piet leit út dat it in útsûnderlike en bysûndere sitewaasje is en yn dizze podcast giet it oer alle aspekten fan dy kommende winterwike. Stay tuned foar wer in lyts kertier lege-druk waarpraat op ynternet: de PietCast. Mei fansels ús waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons
Show more...
4 years ago
13 minutes 23 seconds

PietCast
Winter 2020/21: op natoeriis seit Piet! (#26)
Yn dizze nije edysje fan de PietCast praat Wim mei Piet oer syn winterfoarsizzing: langer as twa dagen op natoeriis, mear winter as ferline jier! Ek kwakkelwaar en mooglik perioaden mei relatyf waarm waar. Hear yn dizze podcast de wiidweidiger útlis fan ús waarman Piet Paulusma oer syn blik op de kommende winter.
Show more...
4 years ago
6 minutes 51 seconds

PietCast
Wannear komme we ûnder de 10 graden? En hokker tellerke stiet der tsjin dy tiid op 35?? (#25)
  Yn dizze nije PietCast, de podcast mei waarman Piet Paulusma, sjogge Piet en presintator Wim Brons nei desimber, want dan wurdt it 10- en 35+ at it in bytsje mei sit. En fierder hawwe we it fansels oer it waar en de ekstremen fan dizze dagen en de lêste wiken. In goed kertier ûntspannen waarpraat en sa hawwe je samar in legedrukgebiet op ynternet. Kinne we wol brûke!  
Show more...
4 years ago
16 minutes 15 seconds

PietCast
Simmer 2020 (#24)
Piet Paulusma en Wim Brons sjogge elkoar wer ris even yn de eagen sûnt it begjin fan de corona krisis. We hawwe it wiidweidich oer drûchte en delslach, oer de kommende simmer, oer Piet's aktiviteiten by Max en ek noch even oer de corona. Al moat de konklúzje wêze dat ek dizze hearen gjin virolooch binne. Mar wól wer in moai lyts kertierke legedruk waarpraat yn dizze nije ôflevering fan de PietCast, in soad wille by it belústerjen derfan!
Show more...
5 years ago
17 minutes 38 seconds

PietCast
Winterstoarmen, simmerbannen, ekstremen, Piet Op1 en hoe giet it by Max Piet? (#23)
It earste kertierke waarpraat online mei Piet fan 2020. Noflik? Jawis! Utspraken? Ja ek: 'As de waarme Golfstream yn de oseaan omdraait ferwachtsje ik net binnen sân, mar binnen fiif jier in Alvestêdetocht'. En Piet is tenei ien kear yn de moanne te gast by de talksjo Op1 mei eftergrûnen by it waar. Piet Paulusma yn in nij legedrukgebiet op ynternet: PietCast #23!
Show more...
5 years ago
15 minutes 47 seconds

PietCast
Piet to the MAX! (#22)
  'Hoe koe dat no útlekke man?' Fraach 1 fan Wim Brons oan Piet en sa hawwe we it yn dizze PietCast 22 fral oer de oerstap fan Piet nei NPO1, MAX. En in ietsiepietsie oer de winter. 'Is it te myld?' Nee, seit Piet, en it wurdt wat kâlder mar garânsjes op in wite Kryst komme der seker net. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn dit stasjonêre legedrukgebiet op ynternet: de podcast mei Piet Paulusma!
Show more...
5 years ago
15 minutes 57 seconds

PietCast
Winter 2019/20: Hoe komt it Piet? (#21)
  Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn dizze nije PietCast, de podcast fan Piet, praat Wim Brons der mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Mar hear wer nei in goeie tsien menúten ûntspannen waarpraat yn dit legedruk gebiet op ynternet: de PietCast!
Show more...
6 years ago
11 minutes 34 seconds

PietCast
Ekstreme simmer troch klimaatferoaring en it klimaatbelied (#20)
Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing. Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is der neffens Piet wol genôch draachflak foar alle maatregels dy't no op stapel steane? Fierder steane de ûnderwerpen tonger en bliksem op it programma en fansels wol Wim fan Piet witte hoe't it stiet mei 'de kopkes kofje mei mediabazen'. In lyts heal oerke ûntspannen waar- en klimaatpraat yn it lege drukgebiet op ynternet yn de tweintichste PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Show more...
6 years ago
26 minutes 45 seconds

PietCast
Piet's simmerfoarsizzing 2019 (#19)
Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn dit legedrukgebiet op ynternet, de PietCast, prate Piet en Wim diz'kear oer Piet's ferwachting foar dy simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier? Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne winter en no yn de maitiid sjogge der hiel oars út as ferline jier. Dat hat er meinaam yn syn foarsizzing. Wér in kertierke legedruk waarpraat yn dizze 19e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Mailtsje kin nei Wim Brons
Show more...
6 years ago
17 minutes 32 seconds

PietCast
In sniebui?, mediastoarm en wetterpeil (#18)
Yn dit legedrukgebiet op ynternet, prate Piet en Wim diz'kear oer de ferwachting foar de earste wiken fan April. Fierder drinkt Piet in soad kopkes kofje mei mediabazen yn it lân en liket it de goeie kant op te gean mei de grûnwetterstân. Gjin nijs? Dochs wol, altyd! En oars jou je je gewoan even del by wer in lyts kertier legedruk waarpraat yn dizze 18e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Show more...
6 years ago
13 minutes 57 seconds

PietCast
Maitiid yn febrewaris, mediashift én de Wetterskipsferkiezings (#17)
Yn dizze 17de ôflevering fan de podcast oer it waar mei Piet Paulusma praat Wim Brons mei ús waarman fansels oer de rekôrds fan de ôfrûne dagen. Fierder hat Piet noch hieltyd de hannen fol oan de mediastoarm om syn fuortgean, ein dit jier by SBS6, hinne. En der wurdt praat oer de Wetterskipsferkiezingen. Piet is in grut fan fan it Wetterskip en kin it belang fan dy organisaasje net genôch klam jaan. Dochs bliuwt de fraach: moatte wy stimme en sa ja: wêrop dan? Stay tuned foar in lytse 20 minuten lege-druk-waarpraat! Reaksje of fraach? Graach. We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons.
Show more...
6 years ago
18 minutes 1 second

PietCast
Winter, hoe komt it dermei? Wurdt it écht spannend de kommende wike? (#16)
Aaaa, komt-ie der dan no, dy winter? Foar it wykein binne de ferwachtingen aardich ûnder 0 nachts. Mar dan? Set it troch? Wim Brons praat mei Piet Paulusma oer de achtergrûnen, fansels yn goeie sfear. Hear in goede tsien minúten nei de jannewaris edysje fan Omrop Fryslâns PietCast, de podcast fan ús waarman Piet Paulusma. Dizze podcast is publiseard op woansdei 16 jannewaris 2019 oan de ein fan de middei. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons
Show more...
6 years ago
11 minutes 49 seconds

PietCast
-20 yn de media, de tocht, de winter en boaiemdelgong (#15)
Yn de foarige PietCast sei Piet dat it wol -20 wurde koe dizze winter. Wim Brons, nea út op ûnnedige opskuor, relativearret soks en sette dat net yn de kop fan it berjocht as clickbait. In wike letter herhelle Piet syn -20 útspraak yn oare media en wienen de koppen yn sûkelaarje letters net fan de loft. Wim nimt yn dizze ôflevering mei Piet troch hoe't soks wurket en of hy wit dat sa'n -20 derút pikt wurde sil. Fierder mear oer de kommende winter, de eksakte datum fan de Alvestêdetocht en we hawwe it oer de fersnelde boaiemdelgong. Yn goeie sfear en ûntspannen fansels, want we hawwe de tiid: in lytse 20 menúten achtergrûnen-by-it-waar-praat. Stay tuned!
Show more...
6 years ago
17 minutes 32 seconds

PietCast
Sûnens, ekstremen en in tipke winter (#14)
De earste PietCast nei de simmer. Heech tiid om by te praten nei de ekstremen, sawol yn it waar as op persoanlik flak. It waarbyld liket wer normale wearden te krijen; al is der noch in grut wettertekoart. En hoe dogge je dat: genietsje fan it moaie (nei)simmerwaar yn de wittenskip dat der dochs in tige ferûntrêstend patroan ûnder leit? Wat dogge de nijste berjochten fan it IPCC mei in professional as Piet? Ek sjogge wy al efkes foarút nei de winter. Mei watfoar oerwagingen yn de efterholle sjocht Piet it kommende seizoen temjitte?
Show more...
7 years ago
13 minutes 53 seconds

PietCast
Drûchte, de Simmer en plaatsjes draaie... (#13)
  Yn dizze lêste podcast foar de simmerfakânsje giet it oer fansels de drûchte en fansels de simmer. Wim Brons praat mei Piet breedút oer de achtergrûnen by it ekstreme waar. Wat ferwachtet Piet fierder fan de simmer? En hokker garânsjes kin hy dêr by jaan? De earste twa-en-in-heale menút geane oer it draaien fan plaatsjes. Dat hat Piet wer oppakt yn it programma fan Harm Weistra en ach, plaatsjes draaie is altyd noch leuk. Toch?
Show more...
7 years ago
10 minutes 36 seconds

PietCast
It waarme waar en Piets simmerfoarsizzing (#12)
Tsja, it moaie waar fan maaie hâldt mar oan en it liket wol of fynt elk it mar gewoan! Wim nimt troch mei Piet: de waarmte, de simmer(foarsizzing) en de ekstremen. Hawwe we sa stadichoan ek kâns op tornado's? Sille hagelstiennen tanimme yn diameter mei de grutter wurdende ekstremen? En: keunstgers is te hyt. Hear nei in kertierke serieus praat oer it waar fan no op in gelokkich net hieltyd serieuze toan.  
Show more...
7 years ago
15 minutes 55 seconds

PietCast
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Tsien kear yn it jier dûkt presintator Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons.  De PietCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.