Home
Categories
EXPLORE
True Crime
Comedy
Society & Culture
Business
Sports
Health & Fitness
Technology
About Us
Contact Us
Copyright
© 2024 PodJoint
Loading...
0:00 / 0:00
Podjoint Logo
US
Sign in

or

Don't have an account?
Sign up
Forgot password
https://is1-ssl.mzstatic.com/image/thumb/Podcasts116/v4/b2/f6/e0/b2f6e074-7425-8005-daeb-e299fad4a881/mza_10086272497160775397.jpg/600x600bb.jpg
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Omrop Fryslân
102 episodes
1 week ago
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Show more...
Politics
News
RSS
All content for Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum is the property of Omrop Fryslân and is served directly from their servers with no modification, redirects, or rehosting. The podcast is not affiliated with or endorsed by Podjoint in any way.
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.
Show more...
Politics
News
Episodes (20/102)
Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Wieke Goudzwaard, Ate Bouma en Hanneke Goede
Yn it nijsfoarum fan buro de Vries prate Wieke Goudzwaard (fraksjefoarsitter CDA gemeenteried Ljouwert), Ate Bouma (nûmer 7 op de kandidatelist foar de FNP) en Hanneke Goede (steatelid en nûmer 30 op de kandidatelist foar de SP) oer de kommende twadde keamerferkiezingen. It giet oer de debatten dy't fierd wurde, de peilingen dy't hyltyd wer útbrocht wurde, de kampanje dy't fierd wurdt en ek oer ferkiezingtéma's as de regio en migraasje.
Show more...
1 week ago
47 minutes 23 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan Buro de Vries oer ferkiezings
Yn Buro de Vries diskusearje de trije keamerleden en kandidaten by de ferkiezings oer ferskate tema's. Lykas migraasje, wenjen en soarch.   Eddy van Hijum - listlûker NSC Max Aardema - nûmer 27 op de list fan de PVV Habtamu de Hoop - nûmer acht op de list fan Gr.Links-PvdA
Show more...
2 weeks ago
48 minutes 5 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Wieke Paulusma en Jelmer de Groot
It nijsfoarum debatearret ûnder lieding fan Geartsje de Vries foaral oer de ferkiezingtéma's. Oan tafel sitte FNP listlûker Aant Jelle Soepboer, D66 keamerlid Wieke Paulusma en Jelmer de Groot, de nûmer 26 op de list foar de BBB. Se prate koart even oer it bestân yn Gaza en dêrnei giet it foaral oer de ferkiezingen. Hoe fierst kampanje as't net oanskowe meist by de grutte debatten, hoe wolle de ferskate partijen de wenkrisis oanfleane en hoe wolle se omgean mei migraasje. 
Show more...
3 weeks ago
47 minutes 40 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Luciënne Boelsma (CDA), Daan Olivier (GL/PvdA) en Fasil Kuipers (FNP)
It Nijsfoarum mei trije Fryske kandidaten oan tafel foar de Twadde Keamer-ferkiezingen fan 29 oktober. - Luciënne Boelsma (CDA, nûmer 14), - Daan Olivier (GL/PvdA, nûmer 44) en - Fasil Kuipers (FNP, nûmer 9)
Show more...
4 weeks ago
48 minutes 6 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan Buro de Vries op 28 septimber 2025
We besprekke de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Mei de folgjende gasten: Amarins Geveke - saaklik lieder Ivgi en Greben, haadredakteur De Moanne en earder fraksjefoarsitter fan de VVD op Skylge Maarten Goudzwaard - steatelid Ja '21 en fraksjemeiwurker Twadde Keamer Ja '21 Femke Molenaar - riedslid Grien Links Ljouwert en Dolle Mina ûnderwerpen: kultuur yn Fryslân rjochtsektremisme geweld tsjin AZC's gaswinning yn Grinslân
Show more...
1 month ago
47 minutes 58 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijfoarum mei Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, Wiebe Strikwerda en Jaap Stalenburg
In Nijsfoarum besprekt it nijs fan 'e wike fanút Frysk perspektyf, mei hjoed oan tafel: * Raquel Garcia Hermida-Van der Walle, europarlemintariër foar D66; * Wiebe Strikwerda, CDA-wethâlder Dantumadiel; * Jaap Stalenburg, steatelid PvdA.
Show more...
1 month ago
49 minutes 25 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Harry Bevers, Hendrik van Doezum en Jelke Nijboer
It nijsfoarum fan Buro de Vries bestiet dizze kear út twadde keamerlid foar de VVD Harry Bevers, skiednisdosint en kollumnist Hendrik van Doezum en wethâlder Jelke Nijboer fan Eaststellingwerf. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer de kommende ferkiezingen, de moard op Charlie Kirk en de reaksjes dêr op fan presidint Trump, de dosint fan it Bornego kolleezje op it Hearrenfean dy't oer dy moard twittere, en oer de soevereinen: minsken dy't fine dat se har net oan de wet hoege te hâlden. 
Show more...
1 month ago
48 minutes 44 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Eke Folkerts, Hetty Janssen en Jan-Willem Tuininga
Oan tafel sitte ditkear: Eke Folkerts, deputearre foar de BBB; Hetty Janssen, Earste Keamerlid GrienLinks/PvdA; Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP-Ljouwert.
Show more...
4 months ago
49 minutes 20 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Jan Arendz, Rommie Kempenaar en Wieke Goudzwaard
It Nijsfoarum fan 22 juni 2025 mei: Wieke Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenterie fan Ljouwert; Jan Arendz, foarsitter fan de FNP; Rommy Kempenaar, wethâlder foar Sociaal Links Dantumatiel en PvdA-lid.
Show more...
4 months ago
47 minutes 39 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Mariska Rikkers, Jaap Stalenburg en Jacques Monasch
It Nijsfoarum mei Twadde Keamerlid Mariska Rikkers fan de BBB, PvdA-steatelid Jaap Stalenburg en en âld-PvdA-keamerlid Jacques Monasch
Show more...
4 months ago
48 minutes 14 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan 8 juny 2025
We sitte yn in bestjoerleas lân, Fryslân stapt út de noardlike lobbyklup SNN en meie we no aanst ek net mear koppe? It binne in pear ûnderwerpen yn dit nijsfoarum. En dat we mei trije gasten. Piet fortuin, hy is foarsitter fan fakbûn CNV. Betty de Boer, âld twadde keamerlid en direkteur fan Spirits.nl. En fêst foarumlid en riedslid foar de FNP yn Ljouwert Jan Willem tuininga.
Show more...
4 months ago
49 minutes 41 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Ojanne Chang, Aant Jelle Soepboer en Harry Bevers
It nijs fan de wike besprutsen troch: Ojanne Chang, fraksjefoarsitter fan D66 yn de gemeenterie fan it Hearrenfean; Harry Bevers, Twadde Keamerlid foar de VVD; Aant Jelle Soepboer, Twadde Keamerlid foar NSC;
Show more...
5 months ago
48 minutes 46 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan snein 25 maaie 2025
Hjoed te gast foarsitter fan VNO/NCW Noord Sieger Dijkstra, Hein Kuiken wethâlder fan de gemeente Ljouwert en Aukje de Vries, Twadde keamerlid fan de VVD. We besprekke gemeenten en Gaza, it stikstofdebat, SGP en froulju en betinke Hans Wiegel.
Show more...
5 months ago
48 minutes 39 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Ina Sjerps, Maarten Goudzwaard en Habtamu de Hoop
Yn it nijsfoarum dizze kear boargemaster Ina Sjerps fan Harns, Maarten Goudzwaard, fraksjefoarsitter fan JA21 yn Provinsjale Steaten en Habtamu de Hoop, Twaddekeamerlid fan GroenLinks-PvdA. Boargemaster Halsema fan Amsterdam spruts har dizze wike út  Gaza. Moatte gemeenten har wol bemuoie mei ynternasjonale polityk? De koalysje woe de hieren bevrieze. Mar is dêr wol goed oer neitocht? En it sikehus fan Snits leit in bom under de fuzje mei Hearrenfean en de plannen foar in nij sikehus op de Jouwer. Ferstannich of koartsichtich? Fierder: it opinystik fan Noardelike bestjoerders oer de Lelyline en it definitive ôfskied fan Pieter Omtzigt as lid fan de Twadde Keamer. Soe syn partij, NSC, dat wol oerlibje? 
Show more...
5 months ago
48 minutes 38 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Sybe Knol, Wieke Goudzwaard en Hendrik Atze van Doezum
It nijsfoarum bestiet út deputearre Sybe Knol (FNP), CDA fraksjefoarsitter Wieke Goudzwaard fan Ljouwert en skiednisdosint Hendrik Atze van Doezum. Under lieding fan Geartsje de Vries prate se oer: - de nije beskermingsstatus fan de wolf - wol of net alkohol tastean yn de Prinsetún - Minister Faber dy't gjin útstapkes mear wol foar bern fan in AZC - De fiering fan 80 jier frijheid - memmedei en giftige blommen  
Show more...
5 months ago
49 minutes 23 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei de boargemasters fan Ljouwert, It Hearrenfean en Achtkarspelen
It spesjale 4 maaie-Nijsfoarum mei trije Fryske boargemasters, te witten: Avine Fokkens fan It Hearrenfean, Sybrand Buma fan Ljouwert en Jouke Douwe de Vries fan Achtkarspelen.
Show more...
6 months ago
47 minutes 4 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum fan 27 april 2025
De kommende oere hearre we de mieningen fan trije foarumleden oer de nijsfeiten fan de ôfrûne wike. Hjoed te gast riedslid foar Nieuw Sociaal yn Sudwest Fryslan, Jacoline Engelmoer, Riedslid yn Ljouwert en direkteur fan Tumba Mirka antolovic en fêst foarumlid en riedslid yn Ljouwert, Jan Willem Tuininga. We beprate keningsdei, lintsjesrein, wenningbou, de paus en diskriminaasje.
Show more...
6 months ago
49 minutes 2 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Harry Bevers, Dieuwke Bakker en Idske Koopmans
It nijsfoarum bestiet op dizze 20ste april út VVD Twadde Keamerlid Harry Bevers út Ljouwert,BBB Steatelid Dieuwke Bakker út Menaam en Idske Koopmans út Heech, sunt 2022 fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Súdwest-Fryslan. Under lieding fan Jan Dirk de Haan diskusearje hja ûnderoaren oer it hommels opstappen fan Pieter Omtzigt út de NSC-fraksje, it resultaat fan 25 oeren nonstop ûnderhanneljen oer de maitiidsnota yn Den Haag, it stikken slaan fan it sparpotsje foar de Lelylijn en tsjustere wolken boppe yllegale boeren yn Fryslan.  
Show more...
6 months ago
49 minutes 33 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It nijsfoarum mei Jouke van Dijk, Hanneke Goede en Bearn Bilker
It nijsfoarum wurdt foarme troch twa mannen en ien frou: Hanneke Goede, steatelid foar de SP, Bearn Bilker, âld boargemaster en Jouke van Dyk, heechleraar Regionale Arbeidsmerkanalyse oan de RUG en foarsitter fan de Sociaal Economische Raad Noord Nederland. Under lieding fan Geartsje de Vries prate de trije gasten oer de handelsoarloch, bern thús hâlde fan skoalle, de djoere boadskippen, aksjefiere troch XR en oer ynfestearringen fan de NOM, de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij.  
Show more...
6 months ago
38 minutes 58 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
It Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Durk Durksz en Jacob IJsselstein
It nijs fan de wike besprutsen troch: Aukje de Vries, Twadde Keamerlid foar de VVD; Durk Durksz, FNP-wethâlder fan Opsterlân; en Jacob IJsselstein, Fryske kar-lûker foar BBB-jong en BBB-kommisjelid yn de Fryske Steaten.  
Show more...
7 months ago
48 minutes 47 seconds

Buro de Vries Podcast - Nijsfoarum
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries sitte trije opinymakkers oan tafel om oer aktuele saken te praten. Faak binne dat gasten dy't wurksum binne yn de polityk of yn in belangeorganisaasje en it binne ek faak gasten dy't it net oer alles mei inoar iens binne. Der ûntstiet sadwaande gauris in stevige diskusje. De ûnderwerpen dêr't oer praten wurdt kinne ynternasjonaal, landelik of provinsjaal spylje.