All content for FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân is the property of Omrop Fryslân and is served directly from their servers
with no modification, redirects, or rehosting. The podcast is not affiliated with or endorsed by Podjoint in any way.
Ferhalen dy't derta dogge, dy't oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.
Yn 'Wy & Dy' praat de jonge histoarikus Hielke van Duuren mei minsken oer har identiteit. Wat spilet dêrby in rol, en wat hat Fryslân dêrmei te krijen? Yn seis ôfleverings binne Joana Duarte, Seye Herke Brinkman, Tjits van der Wal, Mirka Antolovic, Marianne Klijnstra en Harm Edens te gast. As earste fertelt Hielke van Duuren sels wêrom't hy dizze podcast meitsje woe. Dat kaam troch it boek 'De wereld van gisteren', skreaun troch de Joadsk-Eastenrykse skriuwer Stefan Zweig. Dy rekke yn syn libben alles kwyt wat foar him 'thús' en 'identiteit' betsjutte. Hielke: 'Jo earne thúsfiele, earne weikomme, in bepaalde kultuer drage - dat sprekt net altyd fansels. As dat der net is, kinne minsken yn in djippe krisis bedarje. Wy kinne ússels ôffreegje: kinne wy wol minsk wêze sûnder identiteit, sûnder ús te ferhâlden ta de wrâld? De podcast Wy & Dy is in syktocht nei hoe't identiteit wurket. Under oare de Fryske identiteit, mar eins alle lagen fan identiteit dy't wy yn ús hawwe.'
FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
Ferhalen dy't derta dogge, dy't oansette ta neitinken én ferbinings lizze tusken minsken yn en bûten Fryslân.