Home
Categories
EXPLORE
True Crime
Comedy
Society & Culture
Business
Sports
Health & Fitness
Technology
About Us
Contact Us
Copyright
© 2024 PodJoint
00:00 / 00:00
Podjoint Logo
US
Sign in

or

Don't have an account?
Sign up
Forgot password
https://is1-ssl.mzstatic.com/image/thumb/Podcasts114/v4/c7/53/d8/c753d8c5-2daf-29cb-909e-a0b58a2a159f/mza_90803327952835868.jpg/600x600bb.jpg
Fit mei Femke sûnder muzyk
Omrop Fryslân
37 episodes
8 months ago
3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. Fit mei Femke fynst yn dyn podcastapp
Show more...
Fitness
Health & Fitness
RSS
All content for Fit mei Femke sûnder muzyk is the property of Omrop Fryslân and is served directly from their servers with no modification, redirects, or rehosting. The podcast is not affiliated with or endorsed by Podjoint in any way.
3...2...1... Start! Rin dy 'Fit mei Femke', in trainingsprogramma fan trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle. De trainingen binne makke troch Omrop Fryslân-buroredakteur én hurdrin-coach Jaring de Groot. De begjinnende hurdrinner wurdt dêrmei holpen om yn koarte tiid 5 kilometer hurdrinne te kinnen. Fit mei Femke fynst yn dyn podcastapp
Show more...
Fitness
Health & Fitness
https://is1-ssl.mzstatic.com/image/thumb/Podcasts114/v4/c7/53/d8/c753d8c5-2daf-29cb-909e-a0b58a2a159f/mza_90803327952835868.jpg/600x600bb.jpg
Wike 12 - Training 1
Fit mei Femke sûnder muzyk
36 minutes 10 seconds
10 years ago
Wike 12 - Training 1
Training 1 35 minuten hurdrinne Jaring de Groot: "Tips om troch te setten" De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat 'kleine pijntjes' om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed. Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan...? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje. Mar in soad minsken ha toch in 'stok achter de doar' nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy 'stok', mar ek it foardiel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik. Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid ta te gean. En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje. Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep oan te sluten. Jaring de Groot